المدة الزمنية 4:40

Gurbe Douwstra - Lit jim gean, Friezen

740 637 مشاهدة
0
1.6 K
تم نشره في 2008/03/02

Friezen lit jim gean! Fan gurbe douwstra FRYSLÂN BOPPE! Songtekst: Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean bliuw net sitten, stive Friezen, jim moatte stean jim moatte roppe, raze en balte, krekt as binne jim net al te al te lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Wy Friezen spatte eins amper út 'e bân Wy binn' bekend as 't folk fan 'tuike, tuike oan' Us 'ja' is 'ja', ús 'nee' is 'nee' en as sy freegje: 'hoe ist mei dy?' Dan 'koe't wol minder' en dat 's al better as gewoan. In Fries allinnich rekket nearne fan oerstjoer Ek al baarnt der yn him noch sa'n hillich fjoer Mar binn' wy mear as mei ús trijen, binn' wy net mear stil te krijen Leit de massa-hystery fuort op 'e loer! Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean Jimm' moatte roppe, raz' en balte Krekt as binn' jim net al te al te Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Nei twa kear nachtfroast wol de Hollanner der foar Hy ropt om 't hurdst: 'de tocht der tochten, die gaat door' Mar wy Friezen witte better iis is samar ek wer wetter En dus hâlde wy de kiezzen op elkoar Mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen: 'it giet oan' Ferlieze al dy nochtere Friezen har ferstân Mei op 'e kop in 'Unox-petsje' en by elk beferzen sleatsje Stean de kampioenen fan it ûnferstân Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean Jimm' moatte roppe, raz' en balte Krekt as binn' jim net al te al te Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean En bliuwt it winters alle nachten boppe nul Dan gau nei Tsjalf op 't Hearrenfean mei 't hiele spul Nei Tony, Ids en rappe Rintsje oe wat in kontsje hat dat fintsje 't Giet hjir om goud, nee dit is echt gjin flauwekul En al is ús pake fiifensantich jier De holle read-wyt-blau, hy farvet sels it hier En giet de 'wave' dan oer de banken kin ús pake hast wol janke Mar hy 'waved' mei, al docht it sear, ja stjerrend' wier Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean Jimm' moatte roppe, raz' en balte Krekt as binn' jim net al te al te Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean En yn dat stadion dat, nei Abe is ferneamd Heart elke fuotbalgek dochs út syn dak te gean Mar 'k hear amper minsken sjongen se koenen wol lêst ha fan de longen Binn' dit no werklik wol de fans fan 't Hearrenfean Earst as it goed giet, fielt de Fries him dan ferbûn Klinkt yn De Kuip it Frysk folksliet sels yn 't rûn En al snapt gjin spiler wat wy roppe wy sjonge troch, dan mar foar Foppe Wy hậlde fol al wurde wy noait ris kampioen Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean Jimm' moatte roppe, raz' en balte Krekt as binn' jim net al te al te Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean

الفئة

عرض المزيد

تعليقات - 197