المدة الزمنية 4:54

Dichterskollektyf RIXT - 'De bui'

108 مشاهدة
0
4
تم نشره في 2020/08/23

Yn 'e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen. Dichter fan 'e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen, dat er begjinne liet mei de rigel: 'De bui nimt de mar net.', ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman 'De nacht fan Belse Madam' (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan. Alle dagen belle Omrop Fryslân mei it oanwêzige twatal om te hearren hoe't it gedicht him ûntjoech. As ôfsluter waard it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten. De dielnimmende dichters wienen: Cornelis van der Wal Janneke Spoelstra Rein de Lange Kate Schlingemann Edwin de Groot Anne Heegstra Simen de Jong Tialda Hoogeveen Carla van der Zwaag Ypie Bakker Tsjisse Hettema Syds Wiersma Dirk Geerdink Yva Hokwarda Jan Kooistra Ynlieding ynsprutsen troch Geart Tigchelaar 'De bui' ynsprutsen troch Cornelis van der Wal Filmke makke troch Geart Tigchelaar www.rixt.frl

الفئة

عرض المزيد

تعليقات - 0